Cookie beleid v.v. Geel Wit

De website van v.v. Geel Wit is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Amelanners passe goed op harren gasten

39'
... (intikker)
51'
... (intikker)
55'
... (schot)
75'
... (schot)
77'
86'
... (schot)

Competitie

5e klasse 07

Datum

24 februari 2024 11:30

Scheidsrechter

Anoniem

Accommodatie

Sportpark De Slinger
Oranjeweg 30
9161CC
HOLLUM
tel. 0519-554287

Verslag VCR

AMELÂN ÚT
 
Jim sille wol tinke, sa snel in stikje, sy ha wer won tink? Ja, inderdaad! Sneon wonnen we fan VV Ameland vr1 mei 1-5.
 
De foarbereiding hiene wy op 'e boat: Anne hie wer in hiele taktyk foar ús útwurke dy't wy serieus trochnamen. Ek wie d'r op 'e boat tiid om stil te stean by de lêste wedstriid fan Sanne: Nei sawat 10 jier hâldt se d'r mei op dus dat fertsjinne wol in moai bedankje. En dat makke by har en by oaren wol yndruk!
 
 
lenmal op it eilân startten wy om 11.30, ûnder begelieding fan Johannes, de wedstriid. lederien wist harren rol, mar.. al nei fiif minuten goaiden wy ús taktyk oer de dúnen! Fuotballend gie it better as tocht tsjin dizze ploech en wy hiene de rûmte om wat heger op te spyljen. It stie as in hûs en einlings lieten wy ris sjen wat wy fuotballend kinne! It wurdt 0-1 at Femma in skot docht op 'e goal: de keepster keart 'm, mar hat 'm net klem en Louise nimt dêr skerp gebrûk fan. Lyk dêrnei spitigernôch al in domper dat sy útfalt mei in inkelblessure.
 
Yn 'e rêst passe wy de opstelling in bytsje oan en geane wy op deselde foet fierder. Frij gau falt de 0-2, en dat wie miskien wol de moaiste fan de wedstriid. "Tikkie-takka-VCR" wurdt d'r al sein: oer ferskeidene skiven is it debutante Marije dy't in perfekte foarset jout op Sandra dy't 'm keurich ôfmakket. De spanning is wat fuort en wy balje moai troch. De 0-3 en 0-4 falle fia Anna en opnij Sandra. Amelân jout net op en lit sjen dat se de kearen dat se trochbrekke ek lyk gefaarlik wêze kinne. Anna Marrit spilet dizze wedstriid in belangrike rol troch in oantal geweldiche reddingen!
 
In prachtiche oerwinning foar ús!
 
 
Wat ús ek bybliuwe sil, is it gastfrije Geel-Wit! In sûne snack yn 'e pauze, in ritsje nei de boat en gastfrou Inge lieten ûnder oare sjen dat Amelanners goed op harren gasten passe. In oantal is dan ek gesellich in nachtje op it eilân bleaun!
 
Louise, Sandra (2), Anna, Jantine 2 maart 12.15 VCR Vr1 - Harkema-Opeinde Vr1
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!